Our minions are coding away as we speak

Iepenloftspul Nijewier yn 2021

Nog even geduld, deze site is in ontwikkeling ............:-)

FOTO 1 Bestuursleden.

Bestuursleden

Foto 2 Schrijfster Baukje van Hijum

Schrijfster Boukje van Hijum

Lees hier alvast het eerste persbericht.

2021 Earste iepenloftspul Nijewier hellet skeletten út de kast!

Yn de lette midsieuwen en krekt dernei wie Fryslân in Godsfrezend gebiet wêr’t kleasters as puoddestuollen út ‘e grûn skeaten wylst net eltsenien him fine koe yn de lear fan de Katolike tsjerke. Stikmannich grutte kleasters binne hjoeddedei noch altiten ferneamd, lykas is kleaster Claercamp dat by Dokkum stien hat. Mar wa hat ea heard fan it susterkleaster Sion dat by it plakje Nijewier op ‘e Fryske klaai lein hat? Hjoeddedei in plakje wêr’t noch gjin fjouwerhûndert minsken tahâlde mar eartiids in tige wichtich en wolfearend kristlik bastion dat him steande hâlde moast tusken it geweld fan de Geuzen, ketterij en it opkommende wetter.

Mei it earste iepenloftspul fan Nijewier wol skriuwster Baukje van Hijum,
ûnder oare bekind fan grutte súksesfolle spullen lykas ‘Swart mar Leaflik’,
’Foarby it Boarkumer Fjoer’ en fansels de Fryske hit ´Lyts Meager Wyfke,’
minsken in ynsjoch jaan yn it kleasterlibben, en dan benammen de geheimnissen dy’t nea oan it ljocht kaam binne. De skeletten fan doe moat út de kast wei helle wurde om oan it publyk te toanen, de pikante en kontrofersjele saken dy’t him êfter de tsjokke muorren fan de kleasters ôfspile ha sille seker net fergetten wurde. Van Hijum is fan plan ek hjir wer in grut spektakel fan te meitsjen.

“2021 is dan faaks noch fier fuort, it is de muoite fan it wachtsjen op dit iepenloftspul, dat no al skiednis skriuwt, mear as wurdich!” Sa belooft it hagelnije bestjoer. “Nijewier mei dan in lyts doarpke wêze, hjir gebeure grutte dingen!”

Tekst: Aant Jelle Soepboer
GroepsFoto: Peter Tromp

***********************************************************************************
2021, eerste openluchtspel Niawier haalt skeletten uit de kast!

2021 eerste " iepenloftspul" Niawier haalt skeletten uit te kast.
tijdens de late middeleeuwen en net daarna was Friesland een godvrezend gebied waar kloosters als paddenstoelen uit de grond werden gestampt terwijl niet iedereen zich in de leer van de katholieke kerk kon vinden.
Een aantal grote kloosters zijn nog steeds bekend, zoals het klooster Claercamp dat bij Dokkum heeft gestaan, maar wie had ooit gehoord van het zusterklooster Sion dat op de Friese klei bij et dorpje Niawier stond?
Een dorpje waar nog geen 400 mensen wonen maar wat destijds een zeer belangrijk welvarend christelijk bastion dat zich staande moest houden tussen het geweld van de Geuzen, ketterijen het opkomende water.

Met dit eerste "iepenloftspul" van Niawier wil de schrijfster Baukje van Hijum,
onder andere bekend van " Swart mar leaflik, Foarby it Boarkumer fjoer' en natuurlijk de Friese hit 'Lyts meager wyfke', mensen inzage geven in het middeleeuwse kloosterleven en dan met name de geheimen die nooit aan het
licht zijn gekomen. De skeletten van toen komen nu uit de kast om deze aan het publiek te tonen. De pikante en controversiële verhalen die zich achter de dikke muren van het klooster hebben afgespeeld, worden zeker niet vergeten.

Van Hijum is van plan ook hier weer een groot spektakel van te maken.
"2021 is nog ver, maar de moeite van het wachten op dit "iepenloftspul" dat nu al geschiedenis schrijft, zeker waard" zo belooft dit gloednieuwe bestuur.
Niawier mag dan een klein dorpje zijn, maar het is tot grote dingen in staat.

Tekst: Aant Jelle Soepboer
GroepsFoto: Peter Tromp